Wy binne skalden fan de Fryske stamme
Bringe eare en rykdom oan ús namme
Soannen fan Fosite, neiteam fan ’t ljocht
De skienste fan de Asen, sibben fan’t rjocht
Al wêr’t wy ek komme, wy bringe ús lûd
En smarre ús kielen mei Kvasir syn bloed
Mingd mei huning, lit ús it dan sjonge
Mei Bragi oan ús bûn, hy sprekt troch ús tonge
Wy binne sjenners, wy binne in brêge
Fan Midgard oant Asgard, it sjongt oer de weagen
It rûst troch de tûken, de wyn nimt it mei
Minsken, goaden, bisten, hja sjonge ús nei
Tenha acesso a benefícios exclusivos no App e no Site
Chega de anúncios
Badges exclusivas
Mais recursos no app do Afinador
Atendimento Prioritário
Aumente seu limite de lista
Ajude a produzir mais conteúdo